Man oanhâlden yn Griene Stjer

In 46-jierrige man út Snits is sneintemiddei yn Ljouwert oanhâlden omdat er him yn it iepenbier oan it befredigjen wie. Hurddravers hiene de man sjoen yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer en warskôgen de plysje. Dy ha de man oanhâlden. Hy is nei it plysjeburo brocht foar ferhoar.