Aksje foar swimbad Boalsert
De Facebook-side 'Zwembad Bolsward onmisbaar' hat hûnderten reaksjes krigen fan minsken dy't protestearje tsjin it mooglik sluten fan it swimbad. Ferline wike waard bekend dat de gemeente Súdwest-Fryslân fan it oerkape swimbad ôf wol. Der is in soad protest, want it swimbad lûkt jierliks 65.000 minsken en der wurdt ek in protte lesswommen. Der is in hantekenaksje opset om de sluting tsjin te hâlden.
De hantekens wurde woansdei 28 augustus oanbean by de Kommisjegearkomste Boarger en Mienskip fan Súdwest-Fryslân.
Súdwest-Fryslân makke ferline bekend it swimbad ôfstjitte te wollen en hat dêrom it kontrakt mei eksploitant Optisport opsein. Optisport skrok dêr fan, en liet doe ek al wite der fan út te gean dat de Boalserters yn aksje komme sille foar harren swimbad.