Beslach op huzen Hans Wiegel

Der soe beslach lein wêze op twa huzen fan Hans Wiegel, meldt it moanneblêd Quote. It soe gean om syn hûs yn Aldegea (Súdwest-Fryslân) en om in hûs yn Drinte mei in totale wearde fan 7 miljoen euro. In groep obligaasjehâlders fan it fûns Bouw State 5 hat in skeaclaim fan 11 miljoen euro by Wiegel dellein. Wiegel moast tafersjoch op it fûns hâlde, mar soe dat neffens de groep net goed dien hawwe.
Ek soe Wiegel yn in reklamespot yn 2009 sein ha dat se in garandearre rendemint fan 9 prosint hawwe soene, mar dat blykt net sa te wêzen.
De obligaasjehâlders hawwe miljoenen skea en wolle dat no op Wiegel ferhelje. Op de website fan Quote seit Wiegel dat hy noch neat fan de beslachlizzing wit en der sadwaande ek neat oer sizze kin.