Nei keunstko, ek keunstskries

Nei de keunstko en it keunsthynder, komt âld-twadde keamerlid Rendert Algra ek mei de keunstskries en de keunstljip. Mei syn bedriuw CNAL is Algra in twa meterhege polyester fariant fan de greidefûgels oan it ûntwikkeljen. Dat fertelde er freed yn it Omrop Fryslân radioprogramma Omnium.
It is de bedoeling de keunstskries en -ljip yn te setten by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Der wurdt noch socht nei jildsjitters. Rendert Algra kaam yn 1999 foar it earst mei de plestik keunstko. Dy waard foaral ynset by de festiviteiten fan Simmer 2000.
Ferline jier kaam syn bedriuw noch yn it nijs mei plysjepoppen mei radargun. Dêr wie doe nochal wat konsternaasje oer. Oer twa wike wurdt op Teksel in plestik 'Texelaar', in Tekselsk skiep, presintearre. Dit skiepperas komt fan oarsprong fan it Noard-Hollânske waadeilân.