Heger berop Polderhoofdkanaal

De Ried fan Steat behannelet op 15 oktober de ûntheffing fan de flora- en faunawet dy't weriepening fan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets mooglik makket. De steatsried moat yn de sitting sjen nei it ekonomysk belang fan de weriepening fan it kanaal.
De gemeente Opsterlân koe it ekonomysk belang earder by de rjochter net goed ûnderbouwe. De oanfraach waard ôfwiisd en de gemeente gie doe yn heger berop. De gemeente Opsterlân hie frege om it heger berop sa gau mooglik te behanneljen.
Uteinlik leit de datum fan heal oktober dochs tichtby it gebrûklike termyn fan fjirtich wiken.