Stevenshoeke wurdt fernijd

De werynrjochting fan de Stevenshoeke yn Langwar moat ein dit jier úteinsette. De gemeente De Fryske Marren wol mids takom jier it wurk dien hawwe. De strjitte wurdt autolij makke en de kade omfoarme ta in soartemint bûlevaar mei twa ynstekhavens. Der komme boppedat ekstra parkearplakken.
Tsjin de plannen bestean noch wol beswieren. Dy rjochtsje harren benammen tsjin de bou fan de ynstekhavens. It eardere hotel De Wielen sit net by de plannen yn. In projektûntwikkeler is dwaande mei it meitsjen fan plannen dêrfoar.