Wer steuring by Kabelnoord
Kabelnoord is alwer troffen troch in steuring. Hûnderten hûshâldens yn Eanjum, Moarre-Ljussens en fakânsjepark Esonstêd sitte sûnder ynternet, televyzje en telefoan. De steuring fan tongersdei is de twadde yn koarte tiid. Tiisdei siet in grut diel fan de klanten ek al in dei sûnder ferbining.
De steuring ûntstie by it lizzen fan stroomkabels by Mitselwier en Eanjum. De grûn is hurd en dêrtroch kin minder krekt groeven wurde. De oannimmer hat no ek wer in glêsfezelkabel rekke. Kabelnoord ferwachtet de steuring tongersdei ferholpen te hawwen.
Klanten dy't foar de twadde kear troffen binne, krije dêr nei alle gedachten kompensaasje foar. Dat sil nei alle gedachten in legere abonnemintspriis wêze.