Lânbouferkear op rûnwei Gordyk

Der komt in proef mei lânbouferkear op de nije rûnwei by De Gordyk. Trekkers meie yn de hjerst tydlik op de rûnwei komme. Dan wurdt ûndersocht wat dat foar gefolgen hat foar it oare ferkear. De provinsje woe earst hielendal gjin lânbouferkear tastean op de rûnwei dy't sûnt 10 juny iepen is. Mar ferskate omwenjenden en de gemeente Opsterlân makken hjir beswier tsjin. Nei oerlis tusken de provinsje en de gemeente is besletten om de proef te dwaan.