Meiprate oer plannen Doeksen

Flylanners kinne har miening jaan oer de plannen fan rederij Doeksen om te skrassen yn de wintertsjinstregeling. Doeksen sit yn swier waar en moat besunigje. De rederij wol dêrom winterdeis ien fan de trije ôffearten nei Flylân skrasse. De gemeente Flylân is it dêr perfoarst net mei iens. Op it stuit besykje ferskate belutsen partijen der mei elkoar út te kommen. Yn de tuskentiid wol de gemeente Flylân fan organisaasjes en ynstellingen witte hoe't dy der oer tinke.
Mar ek de eilanners sels kinne de gemeente maile om har miening kenber te meitsjen.