Iseger kening yn Broeksterwâld

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
Jelte-Pieter Dijkstra, Alle Jan Anema en Daniël Iseger ha sneon de haadklassepartij trochinoar lotsjen yn Broeksterwâld wûn. Yn de striid om priis en preemje waard it partoer fan Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma mei 5-3 en 6-2 ferslein. De tredde priis wie foar Pieter Bakker, Marten Feenstra en Jouke Bosje. Daniël Iseger waard kening fan de partij.