Savic net by SC Hearrenfean

SC Hearrenfean sil nei alle gedachten gjin gebrûk meitsje fan Stefan Savic. De Eastenrykse jeugdynternasjonal wie op proef en de klup woe him in kontrakt oanbiede. Neffens SC Hearrenfean-direkteur Gaston Sporre is dat lykwols net in tûk idee om't de klup net wit om watfoar transferbedrach oft it giet. De wurkjouwer fan Savic, fuotbalklup Red Bull Salzburg is der net dúdlik oer. Neffens Sporre is der noch altyd gjin dúdlikheid oer de posysje fan technysk direkteur Johan Hansma en kommersjeel direkteur Joost Steppé.
Sporre hopet dat dizze wike ôf te hanneljen, mar wis is hy dêr net fan.