Rappe rider by Parregea

In Wurdumer (25) is freedtenacht by Parregea syn rydbewiis kwytrekke. Hy helle in molkwein en ried hurd troch. De plysje gie der achteroan en ried 180 kilometer yn de oere en wie doe noch net by him yn de buert. By ferskate krusings seach de plysje dat de automobilist gjin gas werom naam. Doe't er syn auto parkearde op de Bûterikkers spruts de plysje him oan. Syn rydbewiis is ynnommen en hy hat in proses-ferbaal krigen.