Meldpunt jildpine en soarch
Soarchbelang Fryslân fyn it soarchlik as Friezen in besite oan it sikehûs útstelle om it eigen risiko te sparjen. De belange-organisaasje iepenet in meldpunt om der achter te kommen hoefaak oft dat foarkomt. De groei is der út by de Fryske sikehûzen. By in tal spesjalisten rint it tal besites en operaasjes sels werom. Direkteuren fan de Fryske sikehûzen tinke dat de ferheging fan it eigen risiko - nei 350 euro - dêr mei te krijen hat.
Op de webside www.meldpuntzorgfriesland.nl. kinne minsken har ferhaal kwyt. Ek kin belle wurde mei soarchbelang op telefoannûmer is (058) 2 137 138.