Rintje Ritsma nei Dakar Rally

Rintje Ritsma makket yn 2014 syn debút yn de Dakar Rally. Hy sil as navigator meiride op de truck fan Ginaf Service Rally. De frachtwein is bedoeld as assistinsje foar de echte wedstriidriders, mar moat wol alle dagen op 'e tiid oankomme. Mooglik sil Ritsma yn de takomst as motorrider meidwaan oan de wedstriid sels.
De rally begjint op 5 jannewaris yn Rosario, Argentinië.