Ferkiezing sportgemeente 2013

argyffoto © ANP XTRA
Ljouwert, Hearrenfean en Tytsjerksteradiel binne de trije Fryske gemeenten dy't meidogge oan de ferkiezing 'Sportgemeente fan it jier 2013'. Oan de ferkiezing, dy't foar de achtste kear hâlden wurdt, dogge lanlik 39 gemeenten mei.
De ferkiezing is in inisjiatyf fan de Vereniging Sport en Gemeenten, sportkoepel NOC*NSF en de Vereniging van Nederlandse Gemeenten. Op 25 septimber wurdt de winner bekend makke.