Grut ûnderhâld Fleanbasis
Op de Fleanbasis Ljouwert is it de kommende njoggen wiken stiller as oars. De tolve F16's binne freed nei de fleanbasis yn Volkel flein. Yn Ljouwert sil de kommende moannen grut ûnderhâld plakfine. De startbanen wurde renovearre. Dat wurk bart ien kear yn de tsien jier. Hielendal stil it it net, want der sille wol SAR-helikopters fleane.
By it wurk wurdt ek socht nei bommen út de Twadde Wrâldoarloch dy't net ûntploft binne. Ut ûndersyk hat bliken dien dat der 27 saneamde 'fertochte objekten' ûnder de grûn lizze.