Hiemstra de bêste yn Menaam

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
De haadklasse keatspartij yn Menaam is sneon in proai wurden foar Marije Hiemstra, Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra. Yn de finale wûn it trijetal mei 5-3 en 6-4 fan Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Geke de Boer.
De lytse preemje wie foar Nelie Steenstra, Klasine Huistra en Manon Scheepstra, dy't yn de striid om it tredde plak mei 5-5 en 6-4 te sterk wiene foar Iris van der Veen, Maaike Osinga en Marije van der Meer.