Minder fytsers fjouwerdaagse

De 34e edysje fan de fytsfjouwerdaagse yn Appelskea hat dit jier goed 700 dielnimmers minder lutsen as ferline jier. Dat konkludearret bestjoerslid Wim Oosterloo fan de organisaasje freed op de slotdei. It minne waar fan tiisdei spilet neffens him in wichtige rol yn de delgong. Boppedat hie de fjouwerdaagse dit jier konkurrinsje fan it Europeesk kampioenskip midgetgolf dat dizze wike yn Appelskea holden waard.
De ôfrûne jierren kamen der hieltyd mear dielnimmers op de fjouwerdaagse ôf. Ferline jier wiene it sels mear as 2700.