Spilers H'fean yn Jong Oranje

Trije spilers fan SC Hearrenfean binne selektearre foar de oefenynterlân dy't Jong Oranje kommende woansdei spilet tsjin Tsjechië. Mitchell Dijks, Luciano Slagveer en Hakim Ziyech binne troch coach Albert Stuivenberg oan de seleksje taheakke. De oefenynterlân tsjin de Tsjechen stiet yn it teken fan de kwalifikaasje foar it EK ûnder 21 jier, dat yn 2015 hâlden wurdt yn Tsjechië. Op 5 septimber stiet de earste kwalifikaasjewedstriid tsjin Skotlân op it programma.
Yn de kwalifikaasjepûl binne Slowakije, Georgië en Lúksemboarch de oare tsjinstanners.