Boete foar dumpen fan ôffal

Plysje-embleem © ANP
In 46-jierrige man út Oerterp is tongersdei oanholden omdat hy ôffal efterlitten hie by in leechsteande wenning yn Drachtsterkompenije. De fertochte koe oanholden wurde, omdat de eigener fan de leechsteande wenning oan de Skieding kamera's pleatst hie. Dêrop wie it kenteken fan de auto fan de man út Oerterp te sjen. It ôffal bestie út hout, ferve, flierbedekking en âld izer. De man hie it ôffal dumpt, omdat it net yn de kontainer paste op syn wurk. De Oerterper moast it ôffal wer ophelje en krige in boete fan 360 euro.