Legere opbringst sûkerbiten

Sûkerfabryk Suiker Unie ferwachtet dat de Fryske sûkerbiten dit jier in folle legere opbringst hawwe sille. Nei alle gedachten smyt ien hektare biten likernôch 12,5 ton sûker op. Dat is 8 prosint minder as ferline jier. De groei fan de biten rint dit jier sterk efter troch it kâlde foarjier.
It is noch net dúdlik oft Fryske boeren finansjele skea hawwe sille fan de legere opbringst. De priis fan de sûkerbiten wurdt pas begjin takom jier fêststeld.