Schuil útskeakele yn Berlyn

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne tongersdei útskeakele op it Grandslam-toernoai yn Berlyn. It Nederlânske duo ferlear ek harren tredde groepswedstriid fan de Russen Konstantin Semenov en Vjatsjeslav Krasilnikov mei 19-21 en 18-21.
Schuil en Nummerdor hiene woansdei al de earste twa duels ferlern en moasten fan de Russen winne om noch troch te gean.