Nij plak wynmûnen socht

© Omrop Fryslân
Smellingerlân ûndersiket opnij wêr yn de gemeente oft wynmûnen pleatst wurde kinne. Dat is nedich omdat fan eardere ôfspraken oer gearwurking yn in wynmûnepark oan de A7 neat op 'e hispel kaam is. De gemeenteried fan Hearenfean stimde ein ferline jier tsjin sa'n wynmûnepark.
De provinsje hat Smellingerlân frege om oare plakken te sykjen foar de wynmûnen. Earder wie dêr yndustryterrein De Haven yn Drachten foar yn byld. Ein dit jier wurdt it ûndersyk oan de gemeenteried foarlein.