Minder drankoerlêst Snitswike
Mear feestfierders op strjitte mei drank út de supermerk, minder stappers op terrassen en hoareka. Dy tendins bespeurde de plysje yn de ôfrûne Snitswike. De 78e Snitswike is neffens de plysje rêstich ferrûn. Neist oar feestgedrach sinjalearret de plysje ek in feroaring yn drinkgedrach. Dizze Snitswike waard net ien stapper yn in alkoholkoma fan strjitte helle, wylst dat oare jierren geregeld foarkaam.
De plysje wie dit jier mei mear minsken oanwêzich as oars. Ale nachten wiene sechstich plysjeminsken op strjitte.