De Emigrant spilet yn Kanada

© Foarstelling De Emigrant mei Freark Smink en Theo Smedes
De foarstelling De Emigrant wurdt dizze hjerst spile yn Kanada. De foarstelling is seis kear te sjen, ûnder oare yn Woodstock, Chatham en Whitby. It stik fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, dy't rom fyftich jier lyn fan Fryslân nei Kanada emigrearre is.
It stik, dat skreaun is troch Romke Toering, wurdt spile troch Freark Smink en Theo Smedes. De earste foarstelling yn Kanada is op 28 septimber, de lêste op 10 oktober. De foarstelling wie earder al te sjen yn ús provinsje en sil dêr fan jannewaris 2014 ôf ek wer spile wurde.