Wettersteuring Aldskoat

Yn de omkriten fan de Archimedeswei yn Aldskoat hawwe bewenners woansdeitemoarn te krijen mei in wettersteuring. Der komt gjin wetter út de kraan, as gefolch fan in breuk yn in lieding. Vitens is yntusken dwaande mei it reparaasjewurk. De ferwachting is dat de reparaasje oant tolve oere moarns duorret.