Man fêst foar mishanneling

De plysje hat tiisdeitemoarn yn Offenwier in 23-jierrige man út Warmenhuzen (Noard-Hollân) oanholden. De man wurdt derfan fertocht dat er op De Potten in 24-jierrige man út Schalkhaar en in 18-jierrige frou út Reduzum mishannele hat. Beide slachtoffers rekken ferwûne oan de holle. Se binne nei it sikehûs brocht. De oanlieding foar de mishanneling is noch net bekend.