Drege simmer foar stikelbaarch

By de Fûgelhelling yn Oerterp binne de ôfrûne dagen fyftjin stikelbargen binnen brocht. Se binne siik en útdroege. Dat is apart, omdat de simmer júst in goede tiid is foar de stikelbaarch. By de Fûgelhelling tinke se dat der in tekoart oan fretten is. Der binne net safolle ynsekten as oare jierren. Neffens behearder Hetty Sinnema giet it net goed mei de stikelbaarch. It droege waar is ek net goed.
De stikelbargen kinne minder goed skûlje ûnder droege boskjes. De Fûgelhelling fynt it wichtich dat de bisten by harren brocht wurde.
De stikelbaarch is yn Nederlân in beskerme bist.