'Krityk op biohin ûnterjochte'
De biologyske plomfeehâldersferiening fynt it ûnterjochte dat biologyske boeren safolle krityk krije nei de útbraak fan fûgelgryp yn Tsjom. Sawol LTO Noard as Fryske pikeboeren dy't net biologysk wurkje, sizze dat it risiko op syktes grutter is wannear't hinnen bûtendoar omrinne, omdat dy makliker yn kontakt komme kinne mei wylde fûgels.
Neffens de feriening is net wittenskiplik oantoand dat biohinnen gauwer siik wurde. It is wol wier dat de rommings de lêste kearen altyd by in biologysk bedriuw west haww, neffens de bioplomfeeferiening.