Spoor wer rapste yn Appelskea
It kritearium foar froulju yn Appelskea is snein foar de twadde kear op rige in proai wurden foar Winanda Spoor fan Apeldoorn. Yn de massasprint wist de Apeldoornse de Friezinnen Anouska Koster fan De Westereen en Rixt Meijer fan It Hearrenfean krekt foar te bliuwen. Meijer wie de meast aktive hurdfytster fan it peloton en wist meardere kearen te ûntsnappen. It wie lykwols net genôch foar de einoerwinning.