Flintertellers socht
De Vlinderstichting ropt yn hiel Nederlân minsken mei in tún op om flinters te tellen. Soks is wichtich om der achter te kommen oft it al as net wat better giet mei de flinters. De ôfrûne jierren liket it wer wat better te gean, mar der binne ek soarten hast hielendal ferdwûn, seit Juditich Bouma fan de Fryske Flinterwurkgroep.
De telling begûn freed en rint oant en mei snein. Minsken moatte oppasse dat sy net dûbel telle en der is in app dy't je brûke kinne. Oan de ein fan de telling moat der in goed byld wêze fan it tal flinters.
De Vlinderstichting wol ek graach wite watfoar soarten der allegearre foarkomme.