Man beknypt troch oplizzer

© Omrop Fryslân
In man (20) út Harich is freedtemiddei slim ferwûne rekke doe't er yn 'e skuorre beknypt kaam te sitten tusken in trekker en in oplizzer. De man wie yn de skuorre oan de gong doe't de oplizzer dy't bûten stie nei binnen begûn te rôljen. Hy besocht de oplizzer tsjin te hâlden, mar kaam doe klem te sitten tusken de oplizzer en in trekker.
De man wist himsels los te wrakseljen en is slim ferwûne mei de traumahelikopter fan Harich oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De Arbeidsynspeksje docht neier ûndersyk.