Ljouwerter stompt plysjeman

Geweld © Omrop Fryslân
In plysjeman is freedtenacht op it Saailân yn Ljouwert yn it gesicht stompt en mei in mes bedrige troch in Ljouwerter (49). De man stuts syn middelfinger op nei de plysjeman en sloech him fuortendaliks op it gesicht doe't de plysjeman út de auto kaam. De plysjeman wist mear klappen te ûntwiken, mar krige doe bierblikjes nei him smiten. Ek luts de Ljouwerter in mes en makke stekkende bewegings. Hy stuts de bannen fan de plysjeauto lek.
Pas doe't der mear plysjeminsken by kamen joech de man him oer.
De Ljouwerter hat ferklearre dat hy de plysjeman oanfallen hat om ûnderdak yn in plysjesel te krijen.