Ljouwerter trio op dievepaad

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn twa manlju (23 en 26) in frou (24) út Ljouwert oanholden foar in ynbraak oan De Leyen yn Ljouwert. Buorlju seagen de manlju en de frou mei guod út de wenning kommen en warskôgen de plysje. Nei melding op Burgernet krige de plysje in tillefoantsje wêrnei't it trijetal oppakt wurde koe yn de Karel Doormanstrjitte.
Ien fan de manlju hie sieraden yn syn sokken ferstoppe. De trije Ljouwerters sitte noch fêst. De plysje docht fierder ûndersyk.