Van der Meulen yn finale PC

It Sjûkelân flak foar de earste slach © Droneview.nl
De earste finalist fan de PC is bekend. It is it partoer fan Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Se wûnen mei 5-4 en 6-4 fan it trio Jelte Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Sjoerd de Jong.
De spannende striid tusken de twa oare heale-finalisten is op dit stuit geande. Dy giet tusken it favorite partoer van Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger en it partoer fan Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra. 'Outsiders' Steenstra-en-dy stean op foarsprong.