Van der Meij Vastgoed fallyt

Autobedriuw Van der Meij Ferwert © YouTube, SyntraksMedia
Van der Meij Vastgoed en Tankstation Ferwert binne woansdei troch de rjochtbank Noard-Nederlân fallyt ferklearre. Earder al waard bekend dat autobedriuw Van der Meij yn Ferwert fallyt wie. Neffens de kurator is der belangstelling foar oername fan it autobedriuw en it tankstasjon. Op dit stuit is it tankstasjon ticht, om't der gjin brânstof levere wurdt.
De bank hat in bedrach fan 3.500.000 euro fordere op de Van der Meij Groep. By it autobedriuw wurkje tsien minsken, by it tankstation fiif. Van der Meij Vastgoed hat gjin meiwurkers.