Slim bedriuwsûngelok Dokkum

In man is tiisdeitemoarn op it terrein fan in bedriuw oan de Hendowei yn Dokkum swier ferwûne rekke. De man is troch ûnbekende oarsaak ûnder in bak hout telâne kaam. De man is út syn benaude posysje helle en mei de traumahelikopter nei it sikehús yn Grins brocht. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok.