Mooglik teaterkafee Snits
Der komt einliks in teaterkafee njonken it nije teater yn Snits. Alteast, as der genôch minsken ta de bûse geane. Der moat nammentlik noch 285.000 euro op it kleed komme foardat inisjatyfnimmer Freek Kramer los kin.
Hy wol dat jild binnenhelje fia ynternet. Op de site www.geldvoorelkaar.nl hat er in saneamd crowdfunding-projekt opstart en nei ien wike stiet dêr al 19.000 euro op.