Wer boetes foar hurdfarren

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op it wetter ferskate kontrôles hâlden fanwege de grutte drokte op marren en kanalen. Dêrby waard foaral sjoen nei hurdfarders, it hâlden fan de stjoerboardswâl en swimmers dy't de skipfeart yn it paad leine. Der waarden tsien boetes útdield, de measten foar hurdfarren. Ien skipper krige in boete fan 200 euro, omdat er mei te hege snelheid fan de Langwarder Wielen nei de Snitsermar gie.
De skipper feroarsake sokke hege golven, dat skippen dy't oan de kant leine by de wâl opbotsten.
By Kûkherne krige in swimmer in boete fan 130 euro. Hy hong oan in skip dat foarbykaam.