Swimme by sânput Skûlenboarch

De âlde sânwinput by Skûlenboarch wurdt in swimplak. Der wurdt in strân fan goed 500 meter lingte oanlein en boppedat komt der in nije tagongsdyk nei it strân. De doarpen Eastermar en Koatstertille freegje al tsientallen jierren om in nij swimplak, mar oant no ta bleau it by moaie plannen. Mar no liket it der einliks fan te kommen.
De bestimmingsplannen lizze op besjen yn it gemeentehûs en it strân moat der eins takom jier al lizze. Dêrneist wurdt besjoen oft der ek fiskplakken oanlein wurde kinne en komme der mooglik rekreaasjewenten.