Takomstplannen revalidaasje

Revalidaasje Fryslân wol de soarch tichteby de pasjint bringe. Nei de fakânsje wurdt it oanbod yn bernerevalidaasje yn Ljouwert útwreide en wurdt begûn mei tele-medicine, pasjinten oefenje dan fia in ynternetferbining. Dat skeelt yn de reiskosten en is minder belêstend foar de pasjinten.
Reade tried yn de takomstplannen is dat de soarch op maat en fleksibel wêze moat, omdat de ferwachting is dat yn de takomst foar itselde budzjet mear pasjinten holpen wurde moatte. Der sil ek wurke wurde oan in bettere bekendheid fan de organisaasje.