Helikopter mei laser beskynd

SAR © Omrop Fryslân
In SAR-helikopter fan de basis yn Ljouwert is tiisdeitejûn beskynd mei in laser. De helikopter wie foar in medyske flecht ûnderweis nei Flylân, doe't der sa'n 10 kilometer westlik fan de basis mei in laser op de bemanning skynd waard. Dat hat net foar problemen soarge. De helikopter is úteinlik op Flylân oankaam, mar de fleanbasis warskôget op Twitter dat it hiel oars rinne kinnen hie.
It foarfal is dêrom trochjûn oan de plysje. Dy sil der ûndersyk nei dwaan.