Mallorca te sterk foar Cambuur
Sportklup Cambuur is tsjin it earste ferlies yn de tarieding oprûn. Real Mallorca wie yn it Cambuurstadion mei 1-0 te sterk. Sebastian Sastre makke nei in healoere de iennige goal fan de wedstriid. Cambuur hie it dreech om ta kânsen te kommen. Allinnich Paco van Moorsel en Martijn Barto wiene ticht by in goal, beide nei goed wurk fan Oebele Schokker.
Trainer Dwight Lodeweges wie nei ôfrin net ûntefreden, mar seach in soad ferbetterpunten. Lodeweges: 'We moeten niet te bescheiden zijn, we kunnen goed voetballen en mogen dat laten zien.'