Wolfslag wis fan WK-ticket

Judoka Miranda Wolfslag is troch it judobûn oanwiisd foar it wrâldkampioenskip yn Rio de Janeiro. De judoka út Ljouwert waard it ôfrûne wykein teloarstellend sânde op de wrâldbekerwedstriid yn Moskou. Dêrmei einige se op likense hichte as konkurrinte Birgit Ente, dy't ek foar in WK-ticket yn de race wie. It bûn hat tiisdei beide judoka's oanwiisd foar Rio.
It wrâldkampioenskip yn Brazilië begjint op 26 augustus en duorret oant en mei 1 septimber. Wolfslag sil útkomme yn de klasse oant 52 kg.