Each yn each mei ynslûper

Buertbewenners hawwe moandeitenacht yn Kimswert in 27-jierrige Roemeen oan de plysje oerdroegen. De man wurdt fertocht fan ynbrekkerij. Hy wie each yn each komme te stean mei de bewenners fan in wente oan De Streek.
Doe't de Roemeen de bewenners seach, naaide er gau út. Mei buertbewenners giene de bewenners fan it hûs achter de ynslûper oan. De fertochte Roemeen mei op it plysjeburo útlizze wa't er yn de wente yn Kimswert die.