Postma fol fertrouwen nei EK

Finnsiler Pieter-Jan Postma sjocht fol fertrouwen út nei it EK silen yn it Dútske Warnemünde, dat moandei fan start giet. De Europeeske titel heart ta de mooglikheden, lit er witte.
Fan moandei oant en mei sneon gean hûndert silers mei-inoar de striid oan om de winst. Postma stiet twadde op de wrâldranglist en ferwachtet in fûle striid yn de Finnklasse.