Soad reek by brân yn Ljouwert

By in útslaande keukenbrân oan de Invasiestrjitte yn Ljouwert binne tongersdei op de neimiddei sa'n tolve flatwenten ûntromme. Der kaam in soad reek frij en twa wenten binne net mear te brûken. De minsken wiene der op tiid út. Wol hawwe twa minsken reek binnen krigen. Dy binne út foarsoarch nei sikehûs MCL brocht. De fyftjin minsken dy't harren flats út moasten, kinne werom as alles luchte is. De brânwacht hat twa katten rêden.