Rjochtsaak oer frije dagen

Wensink © Wensink
Mercedes- en Forddealer Wensink mei de meiwurkers net freegje om wurkgelegenheidsdagen yn te leverjen. Dat hat de rjochter bepaald. Neffens fakbûn FNV Metaal sette Wensink, mei festigings yn Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean, it personiel ûnder druk om trije frije dagen yn it jier yn te leverjen. It fakbûn stapte nei de rjochter en hat no gelyk krige.
Neffens de FNV komt it faker foar dat bedriuwen de krisis misbrûke troch meiwurkers te freegjen allerhanne rjochten yn te leverjen.