SC Hearrenfean wint fan Leuven

SC Hearrenfean hat de earste serieuze oefenwedstriid wûn. Yn De Knipe wie de formaasje fan Marco van Basten mei 2-1 te sterk foar de Belgyske earste klasser Leuven. De Belgen wienen de earste helte de bettere ploech en kamen yn de 10e minút op foarsprong troch in goal fan Douglas Maia. Op slach fan rêst makke Alfred Finnbogason de lykmakker.
Yn de twadde helte, mei in protte oare spilers, wie Hearrenfean de bettere. Proefspiler Stefan Savic makke yn de 47e minút de winnende goal. Savic bliuwt noch twa wike langer op proef.