Striid om Grip op Grûn Trofee

Der komt dit jier in twadde edysje fan de Grip op Grûn Trofee. De trofee is foar it beste idee dat grûn, sân of bagger opnij brûkt. Hjirby wurdt foaral stimulearre dat ferskillende oerheden dat meielkoar dogge. In foarbyld fan sa'n idee is it opnij brûken fan fersmoarge bagger as fundearring fan it súdwesttangint.
Projekten kinne fan 15 july ôf oanmelden wurde en der kin ek al stimd wurde. Ein oktober wurdt de trofee útrikt. De winner krijt in trofee, in oarkonde en der wurdt in film makke fan it winnende projekt.